Submit to FacebookSubmit to Google PlusSubmit to TwitterSubmit to LinkedIn

Elmar Kuiper op Poetry International

Rotterdam - Dichter Elmar Kuiper (1969) út Húns is dit jier ien fan de dielnimmers oan it 37ste Poetry International Festival yn Rotterdam. Hy sil fersen foarlêze op de iepeningsjûn 17 juny en fierder op
tiisdei 20 juny en yn it slotprogram.
Kuiper skreau syn earste fersen yn 1998. Yn 2004 debutearre er mei de bondel Hertbyt by útjouwerij Bornmeer. Fersen fan syn hân waarden yn 2003 en 2005 be-
kroand mei de Rely Jorritsma-priis en waarden opnommen yn de blomlêzing Fryske poëzij Droom in blauwe regenjas/Dream yn blauwe reinjas. Krektlyn ferskynde in twatalige blomlêzing út syn wurk by BnM uitgevers yn Nijmegen mei de titel Roep de rottweiler op!/Rop de rottweiler op! Kuiper syn poëzij wurdt karakterisearre troch de orizjinele omgong mei perspektyf. Komselden is der sprake fan in lyrysk ik. Njonken de skriuwerij is Kuiper aktyf as húsman, byldzjend keunstner en psychiatrysk fer-
pleechkundige.
Op it festival stiet dit jier benammen de Afrikaanske poëzij sintraal. Dêrneist is der in spesjaal programma oer de Russyske dichter Joseph Brodsky dy't tsien jier lyn ferstoar. Poetry International wurdt hâlden fan 17 oant en mei 23 juny yn de Rotterdamske Skouboarch.